Westfryske dialekten

Westfryske dialekten
algemien
lokaasje West-Fryslân, Wieringen, Teksel,
Flylân
tal sprekkers ±37.000 (1999, skatting)
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk
  ● Germaansk
    ● Westgermaansk
      ● Súdwestgermaansk
        ● Nederfr.-Nedersaks.
          ● Nederfrankysk
            ● Hollânsk
              ● Westfryske dialekten
subgroepen Eilânwestfrysk
Lânwestfrysk

De Westfryske dialekten foarmje in groep nau besibbe Hollânske dialekten yn it noarden fan 'e provinsje Noard-Hollân, dy't fuortkommen binne út in ferminging fan it Frysk dat oarspronklik yn 'e lânstreek West-Fryslân en op 'e omlizzende eilannen sprutsen waard, en it Hollânsk dat dy taal dêr fan 'e ein fan 'e trettjinde iuw ôf ferkrong. Hoewol't dizze dialektgroep dúdlik ûnderdiel foarmet fan it bredere ferbân fan it Hollânsk, binne der noch altyd spoaren fan it Fryske substraat yn werom te finen.

De lokaasje fan 'e Westfyske dialektgroep yn 'e Noard-Hollân.

© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search